Ferkrêfting: IM net ûntfanklik

08 jan 2008 - 12:50

De rjochtbank yn Ljouwert hat it Iepenbier Ministearje net ûntfanklik ferklearre yn de rjochtsaak tsjin trije minderjierrige jonges út Stynsgea. Sy wurde fertocht fan it ferkrêftsjen fan in oare minderjierrige jonge.

Advokaat Tjalling van der Goot fan ien fan de fertochten seit dat plysjeferhearen weirekke binne. Fierders binne ferplichte prosedueres foar sedesaken net opfolge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)