Hurdrider mei poppe trapearre

© Omrop Fryslân
In Grinslanner fan 34 jier is moandei syn rydbewys kwytrekke om't er te hurd ried by Kollumerpomp. Op 'e Lauwersmarwei is 80 it maksimum. De man ried hast 50 km/oere hurder. Mei de plysje achter him oan trape er it gas noch eefkes yn oant er 140 ried.
By Sâltkamp slagge it de plysje de hurdrider oan 'e kant te setten. De man hie in lytse poppe yn 'e auto. Hy is mei de poppe nei hûs ta brocht om't syn rydbewiis ynfoardere is.