Ynsidint mep plysje útpraat

08 jan 2008 - 11:20

De plysje ûndernimt gjin aksje nei oanlieding fan it filmke op ynternet, dêr't in plysjeman in jonge in klap yn jout. It filmke op Geenstijl.nl is mear as 170.000 kear besjoen. Te sjen is in jonge dy't maaie ferline jier yn 'e Ljouwerter binnenstêd 'aap in uniform' tsjin in plysje seit en dan in mep krijt.

De jonge en de plysje hawwe de saak útpraat. De jonge tsjinnet gjin klacht yn tsjin de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)