Kontrôle op drankjeugd

08 jan 2008 - 10:32

Alkohol drinkende jongerein yn Smellingerlân wurdt tenei stranger kontrolearre. Dat sil barre yn keten en yn wiken en it sintrum fan Drachten. Boppedat sille kroegen en diskoteken faker ûnferwachts besite krije fan 'e Voedsel- en Waren Autoriteit. Der wurdt ek mear plysje ynset om jeugd ûnder de 16 jier op strjitte op drank te kontrolearjen. Skoallen en âlden sille ek foarljochting krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)