Jonge frou op brommer oanriden

© Omrop Fryslân
In automobilist út Dordrecht (50) hat moandei yn Drachten in 22-jierrige brommerrydster oanriden. De frou is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. In motorplysje folge de man om't syn rydgedrach opfoel. Sa ride er troch read en remme er net ôf foar in krúspunt. Doe't de brommerrydster fan rjochts kaam, folge de oanriding.
It rydbewys fan 'e man wie sûnt njoggen jier ferrûn en de APK fan syn auto wie ferrûn.