Opfang Wytmarsum wurdt lytser

© Omrop Fryslân
De needopfang yn Wytmarsum giet ein jannewaris ticht. De flechtlingen wurde dan opfongen yn lytsere groepkes. Der wurdt rûnom yn de provinsje socht nei wenromte.
Der binne noch 17 legale flechtlingen dy't wachtsje op in útspraak fan de rjochter. It kleaster dêr't se no wenje is fierstente grut foar de groep. Ek is it fertutearze. De stichting dy't de needopfang betellet hat slimme jildpine.