Bilt stipet jonge ûndernimmer
Jonge ûndernimmers op it Bilt kinne stipe krije fan de gemeente by it opsetten fan in eigen bedriuw. Tsjin geunstige betingsten kinne se jild liene om it bedriuw fan de grûn te krijen.
It moat it makliker meitsje foar jonge minsken om foar harren sels te begjinnen, tinkt boargemaster Aucke van der Werff. Alle jierren kinne 5 oant 10 starters holpen wurde.