Promoasje yn Martinitsjerke

Meinte Engelmoer promovearre yn de Frjentsjerter Martinitsjerke
Foar it earst sûnt 2002 wie der wer in promoasje yn 'e âlde universiteitsstêd Frjentsjer. Meinte Engelmoer hat 26 jier wurke oan syn dissertaasje oer de Waadfûgels. Hy ferdigene moandei syn ferhaal yn 'e Martinitsjerke.
De Ryksuniversiteit fan Grins hie it fersyk dien oan de behearder fan de Martinitsjerke om dêr de promoasje te hâlden.