Frysk sukses op WK linedance

© Omrop Fryslân
Chantal van Dijk (19) út Arum is snein wrâldkampioen linedance wurden. Dat wie op it WK countrydance yn it Dútske Kalkar. Se wûn earder al mear ynternasjonale wedstriden en ek waard se Nederlânsk, Belgysk, Dútsk en Europeesk kampioen.
Op it WK wie der konkurrinsje út Itaalje en Skandinaavje. Op it twadde en tredde nivo hellen Elske de Haan út Himmelum en Jasmine Houtzager út Frjentsjer beide it twadde plak.