Alves net op training

Afonso Alves hoecht foarearst net op de training te kommen (foto Martin de Jong)
Afonso Alves hoecht him dizze wike net te melden op 'e training fan SC Hearrenfean. Neffens Hearrenfean direkteur Yme Kuiper is dat beslút troch de club naam om't Alves it te drok hat mei transferperikels.
Neffens de lêste ferhalen soe net allinnich AZ Alves hawwe wolle mar is ek it Ingelske Manchester City wer yn byld. Befêstiging hjir fan is by Hearrenfean en City net te krijen.