Gjin Friezen nei WK sprint

06 jan 2008 - 19:39

De Fryske reedriders kamen der dit wykein op it NK sprint yn Thialf net oan te pas. Net ien fan de dielnimmers wist him te pleatsen foar it WK dat oer twa wike yn Thialf ferriden wurdt.

By de manlju helle Beorn Nijenhuis fan It Hearrenfean in sechsde plak. En dat wie foar him in djippe teloarstelling. By de froulju wie Ingeborg Kroon fan Snits de bêste Friezinne. Sy einige as sânde. Kroon hie net better ferwachte en wie nei ôfrin hiel tefreden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)