Bos en Timmer sprintkampioen

Marianne Timmer waard snein foar de 10de kear Nederlânsk sprintkampioene. Ireen Wüst, dy't snein de tûzen meter wûn, waard twadde, Margot Boer tredde. Sy krije op it WK oer twa wike nei alle gedachten selskip fan Annette Gerritsen, dy't sneon foel.
By de manlju waard Jan Bos foar de 6de kear sprintkampioen. Jacques de Koning waard 2de, Lars Elgersma 3de en Simon Kuipers 4de. Erben Wennemars hat him net kwalifisearre foar it WK sprint.