Wyksintra Drachten opknapt

© Omrop Fryslân
Fjouwer wyksintra en it jongersintrum Iduna yn Drachten binne foar meiïnoar hast in miljoen euro opknapt. De gebouwen binne moderniseard en oanpast oan de easken fan dizze tiid. Sa is der bygelyks mear ljocht makke. De jeugdsoazen fan froeger wiene nochal skimerich, mar de jeugd fan no hâldt dêr net fan. De rûmtes yn de wyksintra binne dêrom ek iepener makke.
De sintra wurde 19 jannewaris offisjeel weriepene.