Balk krijt wapenskild werom

De brânwacht fan Gaasterlân-Sleat hinget fannewike it wapenskild fan de gemeente wer oan de gevel fan it gemeentehûs yn Balk. It skild wie ein oktober fan de gevel stellen, mei help fan de steger dy't der stie foar skilderwurksemheden. It dûkte Nijjiersdei wer op, op de brêge by it gemeentehûs.
In meiwurkster fan de gemeente fûn it dêr. It giet nei alle gedachten om in âldjiersgrap.