Miljeupriis foar fûgelwachters

06 jan 2008 - 08:45

It bûn fan Fryske fûgelwachten hat sneon de Fryske Natuer- en Miljeupriis krigen op de FNP gearkomste yn Twizelerheide. De organisaasje bestiet 60 jier en neffens de sjuery binne de 6000 neisoargers wichtich foar de provinsje.

Tjeerd Dikema fan Surhústerfean krige op deselde gearkomste de tradisjonele Sulveren Fyts omdat hy al jierrenlang mear as 10.000 km yn't jier fytst en sa it miljeu sparret.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)