Trapearre mei drank op

05 jan 2008 - 14:31

Fan fjouwer autobestjoerders is freedtenacht it rydbewiis ôfpakt troch de plysje. Se hiene allegear tefolle dronken. De plysje kontrolearre ûnderoaren op it Hearrenfean. Dêr pakten se in man út Noardwâlde. Hy wie ûnder ynfloed fan drank en drugs.

By in kontrole yn Drachten waarden twa minsken yn ien auto oanhâlden. De plysje hie beide achter it stjoer sitten sjoen. By kontrole die bliken dat se tefolle dronken hiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)