Boete foar oanlizzer rioel

27 mrt 2012 - 11:56

De riolearring yn it bûtengebiet fan Hearrenfean is net goed oanlein. De gemeente is sa min te sprekken oer it wurk fan de oannimmer dat dy in boete ferwachtsje kin. In soad huzen bûten de doarpen yn de gemeente wiene noch net oansletten op it rioel. Oannimmer Kanters út Veghel hat dêr feroaring yn brocht, mar net hielendal sa't it heart.

It probleem is dat de haadoansluting net goed is. Dêrtroch kinne gauwer steurings ûntstean. De boete foar it bedriuw bedraacht 700.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)