Waadklub tsjin wetterwinning

© Omrop Fryslân
De Waadferiening makket by de provinsje beswier tsjin in fergunning dy't Vitens krigen hat foar it winnen fan ekstra drinkwetter op Flylân.
Neffens de natuerklub soarget de winning foar grutte skea oan de dunen. Vitens fynt ekstra winning nedich om't de fraach nei drinkwetter grutter wurdt. De Waadferiening wol dat der ynfesteard wurdt yn maatregels om it drinkwetterferbrûk op it eilân werom te bringen.