Tsjerkeklok Ternaard is stil

04 jan 2008 - 17:02

De klok fan de tsjerke fan Ternaard liedt al in wike net mear. De hammer en bongel binne der úthelle as âldjiersstunt. Frjemd genôch miste nimmen yn Ternaard it lûd fan de tsjerkeklok. Pas doe't de hammer en bongel by de dûmny op de stoepe fûn waarden wie it dúdlik dat der wat miste. Moandei sil de gemeente Dongeradiel de klok wer meitsje.

De skea is sa'n 300 euro. De gemeente wit noch net oft se oanjefte dwaan sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)