Parkearplakken moatte feiliger

© Omrop Fryslân
In permanint plysjeteam moat de parkearplakken oan de sneldiken yn it noarden feiliger meitsje foar frachtweinsjauffeurs. It CNV Bedriuwebûn ropt de polityk en de plysje op om hjirmei oan de slach te gean. It bûn krijt hieltyd faker sinjalen fan sjauffeurs dat dieven it fersjoen hawwe op harren lading.
Minister Eurlings hat 10 miljoen euro frij beskikber steld om de meast ûnfeilige plakken oan te pakken.