Lobby foar Fries Museum

Museum, gemeente en provinsje wolle de ferhuzing fan it museum rêde.
In lobby by it ministearje fan Ekonomyske saken moat de ferhuzing fan it Frysk Museum nei it Saailân rêde. Gemeente, museum en provinsje komme takom wike by elkoar om te bepraten hoe't se dit oanpakke sille. It Frysk Museum stapt foarearst út de nijbouplannen omdat der in gat fan 10 miljoen euro sit yn de begrutting.
Dat komt omdat it nije gebou net foar de uterste datum fan oktober 2010 klear is.