Famkes Snits ferniele de boel

04 jan 2008 - 10:33

De plysje hat tongersdeitejûn twa famkes fan 15 jier en ien fan 16 jier út Snits oanholden foar fernielings yn harren wenplak. It trio hie by in wenning yn de Havenstrjitte de foardoar bekrast. Ek hiene se ferskate materialen tsjin it hûs oansmiten.

De bewenner warskôge de plysje. Dy hat de famkes meinommen nei it buro. Dêr krigen se alle trije proses ferbaal, wêrnei't se wer nei hûs mochten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)