Brânwacht Haulerwyk bekûgele

© Omrop Fryslân
De brânwacht fan Haulerwyk is âldjiersnacht bekûgele mei flessen en swier fjoerwurk. Oan de Norgerwei stiene njonken in wenning twa karavans yn 'e brân. Noch foardat de brânwacht begjinne koe mei blussen, waarden se bekûgele mei fjoerpylken.Ek waard de brânkraan tichtdraaid en waarden der knikken yn de brânslangen lein.
De plysje waard belle, mar koe troch de mist net sa fluch komme. Doe't se der wiene waarden sy ek bedrige.