Drachtster brommobyl kwyt
Yn Drachten is juster in man fan 77 syn brommobyl kwytrekke, omdat er tefolle dronken hie. Plysjes seagen dat ferkear foar him útwike moast, omdat hy midden op 'e dyk ried. Ut in blaastest op it buro die yndie bliken dat de man tefolle dronken hie.
Hy hat de ôfrûne fiif jier wol faker mei drank op riden en dêrom is syn brommobyl yn beslach nommen.