Noch altiten legionella yn dûs

© Omrop Fryslân
De dûsjes fan sportsintrum de Hege Fonnen op 'e Lemmer binne noch hieltyd net legionella-frij. It wachtsjen is op it ynstallaasje-bedriuw dat de liedingen trochspiele moat. Dy hawwe noch fakânsje en begjinne moandei wer.
Mids desimber waard de legionella-baktearje yn de wetterynstallaasjes fan de sporthal fûn. De dûsjes waarden dêrop fuortendalik sletten. Se gean op syn gaust ein takom wike wer iepen.