Nije banen Tytsjerksteradiel

03 jan 2008 - 22:56

De komst fan Wadro Wapeningssintrale nei it bedriuweterrein yn Skûlenboarch smyt tsientallen nije banen op. It bedriuw komt op it plak fan in betonklinkerfabryk dat slute moast.

Neffens boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel is it hiel wichtich dat der nije wurkgelegenheid komt, want syn gemeente stiet ûnterjochte allinnich as wengemeente bekend. Der wurkje noch altiten 5500 minsken yn Tytsjerksteradiel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)