"Mooglikheden yn Dútslân"

© Omrop Fryslân
Undernimmers út Fryslân moatte harren mear rjochtsje op Dútslân. Dat seit de nije foarsitter fan de Noardelike Keamer fan Keaphannel, Johan Emmelkamp.
No't de Suderseeline der net komt, moat it Noarden mear sjen nei de mooglikheden yn Dútslân ynstee fan de Rânestêd. Der moatte bettere ferbiningen komme, der moatte hjir mear Dútse studinten komme en der moat mear mei Dútslân hannele wurde.