"Doarpen foar skea opdraaie"

© Omrop Fryslân
De fernielerij mei Ald en Nij moat yn Achtkarspelen tenei mar ferhelle wurde op it ûnderhâldsbudzjet fan de doarpen. Dat seit boargemaster van der Zwan. Der is mei de jierwiksel foar tsientûzenen euro skea oanrjochte yn ûnder oare Surhústerfean. Van der Zwan neamt hat dêr grutte argewaasje fan.
Om der wat oan te dwaan docht er de suggestje om de skea mar te beteljen út it ûnderhâldsbudzjet fan de doarpen dêr't de fernielerij west hat.