Undersyk nei brân Westerein

03 jan 2008 - 15:09

Op 'e Westerein wurdt ûndersocht oft der by in brân oan 'e Rozenlaan asbest frijkaam is. It giet om in brân yn in hok dy't tongersdei oan it begjin fan 'e middei wie. Stikjes fan 'e dakplaten fan it hok binne yn 'e tún fan 'e eigner en fan 'e buorlju kaam.

Der wurdt no besjoen oft it om asbest giet en oft it ek opromme wurde moat. Der binne gjin stikjes op 'e iepenbiere dyk fallen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)