Tomkeboekje út hannel helle

27 mrt 2012 - 11:37

De Afûk hellet in boekje fan Tomke út de hannel. It giet om in boekje fan plestik dêr't lytse bern mei yn bad boartsje kinne. De Afûk hat in pear klachten krigen dat it plestik skuorre kin en dat de skomfulling dan nei bûten komme kin.

It boekje is yn in oplaach fan 8000 stiks ferspraat yn de taaltaskes, dy't âlden krije as se it bern oanjouwe op it gemeentehûs. Omdat de Afûk gjin inkeld risiko nimme wol, is besletten de boekjes werom te heljen. It taalynstitút tinkt noch nei oer in alternatyf foar yn de taaltaskes.

Trefwurden: 
boek Afûk Tomke badboekje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)