'Needopfang ûnferantwurde'

It is ûnferantwurde dat der noch minsken wenje yn 'e needopfang yn Wytmarsum
It is ûnferantwurde dat der noch minsken wenje yn 'e needopfang yn Wytmarsum. Dêr is gjin fêste telefoanline mear en dy is wol nedich om brânmeldings te dwaan. De fêste line waard op Aldjiersdei ôfsletten.
De needopfang hat in nije ferbining oanfrege, mar dy is pas mids jannewaris te brûken. Dat duorret de brânwacht te lang. De gemeente Wûnseradiel besjocht wat der no barre moat.