Feilichheidshûs foar Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert wurdt dizze moanne ien fan de earste saneamde feiligenshûzen fan it lân iepene. Yn it feilichheidshûs sitte alle helpferlieningstsjinsten sa as plysje en brânwacht, mar ek GGD en jeugdhelpferliening ûnder ien dak. Dit moat de kommunikaasje tusken al dy tsjinsten makkelikker meitsje.
Sa moat foarkaam wurde dat minsken op it ferkearde plak telâne komme of te faak hinne en wer moatte tusken de ferskate tsjinsten.