Priis foar Sneker Simmer

boargemaster Brok rikte de prizen út (foto: Henk van der Veer)
De Sneker Simmer hat woansdei by de nijjiersresepsje fan de gemeente Snits de publisiteitspriis fan 2007 krigen. It kultuerfestival waard op koarte termyn organiseard en liet sjen dat der yn Snits draachflak is foar kultuer, sa bearguminteart de sjuery de takenning fan de priis.
De twadde priis gie nei in sylprojekt foar skoallen, de tredde priis wie foar Anna Jet Leyenaar út Snits. Sy wûn it NK fierljeppen.