Fergees stroom foar Pantera

Pantera krijt healjier lang fergees elektrisiteit
Pantera yn Aldeberkeap krijt seis moannen lang elektrisiteit foar neat. Enerzjyleveransier Oxxio hat dat de rôfdiere-opfang oanbean. Pantera hat ek in goedkeaper kontrakt mei Oxxio ôfsluten. Dat kompinsearret de hegere prizen foar it fleisfoer.
Pantera nimt al in skoft gjin bisten oan fanwege finansjele problemen. Dy opnamestop bliuwt foarearst fan krêft. Der komme wol ekstra aksjes om jild binnen te heljen.