Fjoerwurk min foar luchtwegen

de kombinaasje fan fjoerwurk en mist is min foar de luchtwegen
De kombinaasje fan fjoerwurk en mist yn de Aldjiersnacht soarge foar in soad ekstra klachten by minsken mei COPD en astma. Guon pasjinten ha no noch lêst.
It wie dit jier noch net earder sa slim neffens de feriening fan astmapasjinten. Gewoanwei bliuwe minsken mei sykten oan de luchtwegen altyd al binnendoar, mar sels yn hûs kamen dit jier de fjoerwurkdampen binnen.