Op tiid boeke foar boat

02 jan 2008 - 14:35

Rederij Doeksen hâldt de fearboat De Friesland fan nije wike ôf oan de kant. It skip giet dan foar regulier ûnderhâld nei de werf. De ûnderhâldsbeurt duorret hast in moanne.

Fearboat De Midsland nimt de feartsjinst tusken Harns en Skylge salang oer. Om't op dy fearboat minder romte is, riedt rederij Doeksen minsken oan om op 'e tiid te boeken, as se mei de auto nei Skylge wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)