Man ferwûne troch hite oalje

bakker Marten Boonstra rekke slim ferwûne by it oaljekoekebakken
Bakker Marten Boonstra fan Akkrum is snein by it oaljekoekebakken slim ferwûne rekke. By it fersetten fan in bak mei fritueroalje drige dy om te fallen op in omkesizzer. Boonstra hâlde de bak doe stiif fêst, wylst de hite oalje oer de râne oer him hinne klotste. Op de glêde flier glied er dêrnei út yn de hite oalje.
De bakker leit yn it sikehûs yn Grins.