Ljouwerter út grêft helle
Yn Ljouwert is Nijjiersdei in man (33) út de stêd nei it sikehûs rekke nei't er mei syn scooter yn it wetter riden wie.
Omstanders koene him op de Nijstêd út de grêft helje. Sy joegen him ek droege klean. Mar om't de man ûnderkuolle drige te reitsjen, is er mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.