Ljouwert: net faak weryndiele

Stedhûs oan it Hofplein yn Ljouwert
De gemeentes Ljouwerteradiel en Littenseradiel moatte op koarte termyn oanjaan oft se wol of net weryndiele wolle mei Ljouwert. Dat hat de Ljouwerter gemeenteried moandeitejûn útsprutsen.
De Ljouwerter ried fynt it moai dat twa buorgemeentes de mooglikheid ta weryndieling mei Ljouwert ûndersykje, mar wol foarkomme dat de Fryske haadstêd kontinu oan it weryndielen is. Ljouwert krijt yn 2014 it noardlik stik fan de gemeente Boarnsterhim der by.
Nei de fúzje mei Boarnsterhim-noard noch in pear kear weryndiele is neffens CDA-gemeenteriedslid Harry van der Molen net winsklik, omdat de gemeente dan allinnich mar mei weryndielings dwaande is. Van der Molen pleitet der dêrom foar dat ek de Ljouwerter polityk sels in stânpunt ynnimt oer it weryndielen mei Ljouwerteradiel en Littenseradiel. Weryndiele mei Ljouwerteradiel is in âlde winsk fan de Ljouwerter polityk, mar oer de mooglike weryndieling mei Littenseradiel moat it stânpunt noch bepaald wurde. Van der Molen tinkt dat ek de Twadde Keamer kritysk wêze sil oer ferskate weryndielings achterinoar yn itselde gebiet.