'Mear draachflak foar NNO'

02 jan 2008 - 10:24

De finansjele posysje fan it NNO moat de kommende jierren fersterke wurde. Dêrby moat sjoen wurde nei it bedriuwslibben, mar ek nei mear publyksynkomsten. Dat seit Joop Atsma. Hy is de nije foarsitter fan de rie fan tafersjoch fan it orkest.

Neffens Atsma kin it orkest ek nei oar repertoire sjen om mear draachflak te krijen. Atsma sjocht it behâld fan it orkest yn de hjoeddeistige foarm as ien fan syn wichtichste ambysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)