Nijjiersfeest Drachten sukses

© Omrop Fryslân
It spesjale nijejiersfeest fan de gemeente Smellingerlân is in grut sukses wurden. Alle 1500 kaarten foar de byienkomst yn de Lawei wiene tiisdei útferkocht. It feest, mei benammen in soad muzyk, wie bedoeld om de jierlikse nijjiersresepsje fan de gemeente te ferfangen.
It feest wie benammen bedoeld foar de 'gewoane minsken'. Neffens it gemeentebestjoer komme dy net op in normale nijjiersresepsje.