Mike Nahar nei Aris

01 jan 2008 - 16:50

Aris Friesland hat basketballer Mike Nahar oanlutsen. De 36-jierrige âld ynternasjonal komt oer fan Omniworld Almere. Dy feriening is troch jildpine út de kompetysje.

De 2 meter en 11 sentimeter lange Nahar, dy't rûnom yn Europa spile hat, is daliks noch net ynsetber. Hy hat lêst fan in blessuere oan de achillespees.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)