Fernielings by feest Barradiel

01 jan 2008 - 16:30

It moat út wêze mei grutte âldjiersnachtfeesten yn Tsjummearum. Dat fynt eigner Ron van Booma fan rekreaasjesintrum Barradiel. Hy is lulk om't it feest neffens him folslein út de hân rûn is. By it swimbad en it rekreaasjepark binne tal fan saken fernield. Neffens Van Booma koe de organisaasje it net oan.

De organisaasje fynt lykwols dat it feest goed slagge wie en dat der altyd wol in pear rotte apels binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)