Sjitterij ferwûnet Antilliaan

01 jan 2008 - 15:29

In 23-jierrige Ljouwerter is tiisdei swier ferwûne rekke troch in sjitpartij. De plysje trof de man oan yn in auto yn de Familie van der Weij- strjitte yn Ljouwert. Yn de auto siet ek in 34-jierrige Ljouwerter dy't dronken wie. Hy hie in fjoerwapen by him.

De ferwûne man is nei it sikehûs brocht. De plysje hat de 34-jierrige man oanhâlden en de auto yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)