Beammen omseage foar brânbult?

© Omrop Fryslân
Oan de Gossepeallen yn Snits binne op âldjiersdei trije gemeentlike beammen kapt om te brûken foar in brânstapel. Plysjeminsken seagen de beammen op de brânstapel lizzen, mar gjinien fan de omstanners koe sizze wa't de beammen kapt hie.
Omdat de plysje it idee hie dat de omstanners mear wisten oer de kap fan de beammen, binne alle nammen opskreaun. Der wurdt no fierder ûndersyk dien.