Skier: auto rydt oer man hinne

01 jan 2008 - 14:43

In man (21) is âldjiersnacht swier ferwûne rekke doe't der in auto oer him hinne ride. Dat gebeurde op de Heerewei op Skiermûntseach.

In frou fan 26 en har bern hiene âld en nij fierd op in pleats oan de Heerewei. Se riden om in oere as trije yn de mist werom nei it doarp. It slachtoffer lei midden op de dyk. Hy is mei de rêdingsboat nei de wâl brocht. Hy leit yn it sikehûs mei brutsen ribben en in ynklapte long.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)