Lifters út Wommels wer op paad

01 jan 2008 - 14:15

Acht twatallen út Wommels en omjouwing binne tiisdei op paad gien foar in liftwedstryd nei in lyts doarpke yn it noarden fan Tsjechië. It is in jierlikse tradysje, dy't dit jier foar de sânde kear holden wurdt.

De earste wedstryd yn 2002 gie nei Milaan yn Italië. Dêrnei gie it nei Luxemburg, Ingelân, Sweden, Poalen en Frankryk. De lêste jierren waard de einbestimming binnen 24 oeren helle troch de winners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)