Needopfang hat noch stroom

01 jan 2008 - 14:05

De bewenners fan de needopfang yn Wytmarsum hiene op 1 jannewaris noch hieltyd gas, wetter en elektrysk. Dat seit de behearder fan it kompleks. Der sitte noch seker 17 minsken yn dy 't noch besykje yn Nederlân te bliuwen.

De behearende stichting is der mei ophâlden mei seker twa euroton skuld. No't de rekkens net mear betelle wurde, soe it gas en elektrysk begjin dit jier ôfsluten wurde. Ein jannewaris folget it wetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)