Omstanners hinderje brânwacht

01 jan 2008 - 12:23

Omstanners hawwe yn de âldjiersnacht de helptsjinsten hindere by it blussen fan brannen. Yn Marrum waard de brânwacht hindere by it blussen fan in fjoer. Jongeren leine knopen yn de brânwachtslangen. Yn it doarp wie in auto yn de brân stutsen.

Yn Akkrum, Stiens, Surhústerfean en Marrum waarden de plysje en brânwacht bekûgele mei swier fjoerwurk en bierfleskes. De plysje fynt dat it hieltyd slimmer wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)