Aldjiersploegen yn aksje

01 jan 2008 - 11:42

It walfiskbyld fan Anne Woudwijk dat jierrenlang by de pier yn Holwert stie, dûkte nijjiersdei op yn De Folgeren. Aldjiersploech Vesuvius fan Elslo kaam mei it byld fan Jip en Janneke út Zaltbommel. Dêrmei wolle se omtinken freegje foar in nij multifunksjoneel gebou yn Elslo.

De Geitefok yn Aldeberkeap krige help fan de brânwacht by harren âldjiersstunt. Dat wie in protest tsjin it sluten fan de kazernes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)